‘Ons Ideaal’-nijs, juny 2023

           KOFJEKONSERT fan 23 april

Snein 23 april organisearre Fanfare ‘Ons Ideaal’ út Easterwierrum in kofjekonsert yn gearwurking mei Folkert-Hans Tolsma. As korps ha we in prachtige middei hân. Mei de klanken fan ‘Floris’ ha we it konsert iepene en de stikken tegearre mei Folkert-Hans ha in moaie gearwurking west. Bij ‘Rock around the clock’ is der troch it publyk enthûsjast meidyn fanâf de stuol.  En bij de cha-cha-cha is der sels noch (efkes) dûnse. Dank foar jimme komst!

            SERENADE

Op sneon 17 maaie ha we in serenade brocht oan ús grútste fan! Gerlof fierde die dei syn 30e jierdei. Dan matte der fansels even in pear marsen blaast wurde! En de jierdei-fierder hat ús as ferfangent dirigint goed en fanatyk yn de maat hâlden.

            SWEACHSTER BRANDWEER FESTIVAL

Sneon 10 juny is der tegearre mei fanfare ‘Euterpe’ (wêr ús dirigent Menno Haantjes ek foar stjit) spyle bij ‘Sweachster Brandweer Festival’ yn Beetstersweach. Neist de muzyk spyle ek it waar super goed mei!

SIMMERJÛNKONSERTEN

De kommende tiid stean der sawiesa twa konserten op it program. Freed 23 juny bin we te fynen by it doarpshûs ‘de Trijesprong’ yn Raerd foar in simmerjûnkonsert.

Twa wiken letter, op freed 7 july is dit simmerjûnkonsert te hearren by it doarpshûs/kafee ‘de Boazumer Mjitte’ yn Boazum. Beide kearen begjint it simmerjûnkonsert om 20.00 oere en de tagong is fergees. Wês wolkom!

            STARTERSORKEST

Fanfare ‘Ons Ideaal’ start nei de simmer mei in begjinners/heryntreders orkest. Wy sykje muzikanten dy’t spyljen leare wolle as it spyljen wer probearje wolle op te pakken. Kom ris probearjen at it spyljen bij ús fanfare wat foar dy is. Nei it simmerskoft, yn septimber, ha we in yntroduksjejûn. Op dizze jûn kinst ferskate ynstruminten probearje te bespyljen om te sjen hokker it bêste by dy past. De datum fan dizze yntroduksjejûn folget noch.

            ÂLD IIZER

Al hiel wat jierren ha we as fanfare, tegearre mei de basisskoalle, it âld papier ophelle. Hjir is 3 jier lyn in ein oan kommen. Yn dizze lêste 3 jierren is der fanút de gemeente in kompensaasje kommen om dit gat yn ynkomsten op te fangen. Ek dit rint no ôf. Omdat de kosten fansels wol troch rinne en omheech geane, wol we jim freegje om ús as fanfare te stypjen. No net mei âld papier mar mei âld iizer.

Sneon 14 oktober komt der yn Easterwierrum, op it reade plein, in âld-iizer kontainer te stean. Hjir kin jim alle metaalsoarten yn kwyt. Tink begelyks oan: stiel, iizer, jitijzer, kobalt, rvs, aluminium, koper, lead, sink en messing. Allinnich kuolkasten en friezers meie der net yn, alle oare apparaten fan metaal kin wol yn de kontainer.

Foar jim de ideale mooglikheid om fan it âlde metaal ôf te kommen en wij as fanfare bin der tige wiis mei.  Mear ynformaasje oer dizze aksje folget yn septimber. Mar no wol âlfest de fraach at jim it âld iizer foar ‘Ons Ideaal’ sammelje en bewarje wolle?