‘Ons Ideaal’-nijs, maart 2023


Iepening ‘G-toernooi’                                                                                                                  Sneon 7 jannewaris bin we it nije jier mei in soad enthûsjasme begûn. It G-toernooi fan korfbal yn de sporthal ‘it Kalverdijkje’ te Ljouwert mochten we iepenje. It publyk en foaral de korfbal-spilers ha genietsje kint fan de marsen en feestmuzyk die we hjir blaast ha.

Oankommende optredens                                                                                                               Op snein 23 april gjit ‘Ons Ideaal’ yn gearwurking mei Folkert-Hans Tolsma in kofjekonsert hâlden. Dit fynt plak om 15.00 oere yn de Tysker. Set it yn dyn aginda en kom meigenietsjen fan dit manjefyke optreden!

Foar mear ynfo oer Folkert-Hans sjoch op syn webside.

Ek bin we fan doel om in oantal kear in ‘Simmerjûnkonsert’ te organisearjen. Freed 23 juny kin jim ús jûns om 20.00 oere fyne bij doarpshûs ‘de Trijesprong’ yn Raerd.                                                                                                                  Freed 7 july litte we jûns om 20.00 oere de muzyk hearre bij doarpshûs/kafee  ‘de Boazumer Mjitte’ yn Boazum.

Sjogge we jim mei it konsert op snein 23 april?