‘Ons Ideaal’-Nijs, desimber 2023

 

STARTERSORKEST   Yn oktober is it startersorkest begon. Op de yntroduksjejûn die der organisearre is  ha der 6 minsken west die wol niget ha oan it blazen op in koperynstrumint of al in aardiche roffel út it slachwurk krije kinne. Hjirfan bin der hjoed de dei fjouwer die al een bêst stik meiblaze kinne mei it korps! Hjir bin we harstikke wiis mei!

ÂLD IIZER AKSJE    Sneon 14 oktober hat de âld iizer kontainer op it reade plein stien. Elts die harren âld iizer hjir brocht hat wol we hertelijk tank sizze! De opbringst fan it âld iizer is € 344,-. Dit wurdt û.o. brûkt foar it startersorkest en om nije muzykstikken oan te skaffen.

OALJEBOLLENAKSJE  De oaljebollenkommisje, die de organisaasje om al die oaljebollen te bakken al hiel wat âldjiersdagen op harren nommen hat, hat beslúten om it stokje troch te jaan. Jo-Albert en Johannes dankewol foar jim fantastyske ynset om al die jierren lang de karre hjir foar te lûken!

Rutger Mulder en Jacobienne Haagsma gean no de organisaasje op harren nimmen. En we gean der dan, as fanfare mei elkoar, wer foar soargjen dat de oaljebollen mei smaak bakt wurde. Ynkoarten wurdt it in opjeftebriefke foar de oaljebollen hûs oan hûs besoarge en it opjeftebriefke hjirûnder kin ek brûkt wurde.

KOMMENDE OPTREDENS                                                                                

  • Snein 24 desimber 2023               Krystjûn yn de St.Martenstsjerke yn Boazum.
  • Sneon 13 jannewaris 2024           Iepening G-korfbaltoernooi yn sporthal ‘it Kalverdijkje ‘ yn Ljouwert
  • Snein 14 jannewaris 2024         Nijjierskonsert om 15.30 oere yn ‘de Tysker’ yn Easterwierrum.
  • Sneon 2 maart 2024                       Femuza Korpsenfestival yn Nijlân
  • Sneon 15 juny 2024                       Slachtemarathon, yn Easterwierrum.

_____________________________________________________________