‘Ons Ideaal’- nijs, april 2024

IEPENING ’G-TOERNOOI’ ~ Sneon 13 jannewaris bin we it nije jier mei in soad enthûsjasme begûn. It G-toernooi fan korfbal yn de sporthal ‘it Kalverdijkje’ te Ljouwert mochten we iepenje. It publyk en foaral de korfbal-spilers ha genietsje kint fan de marsen en feestmuzyk die we hjir blaast ha.

NIJJIERSKONSERT ~ De dei dernei, snein 14 jannewaris, wie ús nijjierskonsert yn de Tysker. Nei in goed skoft repetearjen wiene wij en ús ynstromers der klear foar! En ha we it nije jier goed begjinne kint troch in pracht konsert te jaan.

FeMuZa KORPSENFESTIVAL yn Nijlân ~ Sneon 2 maart ha we meidyn oan it Femuza Korpsen festival yn ‘de Mande’ yn Nijlân. Oan dit festival kin alle korpsen út de Sudwesthoeke meidwaan en der hopelijk mei de haadpriis fan troch gean: In beker, in jildbedrach én spylje yn it teater fan Snits.

Fan de 12 korpsen die hjir har bêste kinnen hearre litten ha is de fanfare út Aldegea (Eendracht maakt macht) us foarbliuwn. De karkommisje hat Ons Ideaal beoardiele mei in ‘ferfrissend optreden wat knap foar elkoar wie en mei farieare stikken’. Dat kin we moai yn’e bûse stekke!

JIEROERLIS ~ Op freed 8 maart is it jieroerlis foar de leden hâlden yn de Tysker. Yn it bestjoer bin der wikselingen: Petra Pool hat ôfskie nommen as foarsitster en dermei ek as bestjoerslid. Petra, bedankt foar dyn grútte ynset yn al dyn bestjoersjierren!

As nije foarsitster ha we ús bestjoerslid Sjoukje Nynke Nauta ree fuon om dizze funksje oer te nimmen. En meie we Nynke Dijkstra wolkom hite yn it bestjoer as algemien lid. Wolkom Nynke!

ÂLD IIZER AKSJE ~ Ferline jier bin we mei de âld iizer aksje begon en dizze aksje hat ús goed foldien. De twadde sneon fan oktober, sneon 12 oktober, komt der opnij in âld-iizer kontainer te stean op it ‘reade plein’.

Mear ynformaasje oer dizze aksje komt noch. Mar no wol âlfest de fraach at jim it âld iizer foar ‘Ons Ideaal’ sammelje en bewarje wolle?

 

KOMMENDE OPTREDENS

Freed 19 april Foarjierskonsert yn Sibrandabuorren. 20.00 oere yn’e St. Maartenstsjerke
Sneon 15 Juny Slachtemarathon. Hjir bin we middeis tusken 13 – 15 oere op it podium fan Easterwierrum te fynen tegearre mei fanfare Euterpe fan Beetstersweach.
Freed 5 july Simmerjûnkonsert bij de iepening fan de Tsjerkepaad-tentoanstelling yn Britswert.
Tiisdei 25 en   tongersdei 27 july Op’e wein mei de optocht fan ‘spulwike’.