Opliedingsorkest ‘Ons Ideaal’

Eltse freedtejûn oefent in groep entûsjaste muzikanten ûnder lieding fan Menno Haantjes yn De Tysker. Sy binne lid fan fanfare ‘Ons Ideaal’ út Easterwierrum. In fanfare dy’t al sûnt 1909 in wichtich plak ynnimt yn it doarpslibben en de neiste omjouwing.

Ofrûne jierren binne der troch de skoalprojekten yn Easterwierrum en Raerd (en de lêste kear ek yn Boazum en Wiuwert) jeugdprojekten organisearre. It doel hjirfan is de bern yn kontakt te bringen mei muzyk en se entûsjast te meitsjen foar it folgjen fan muzykles en lid te wurden fan de fanfare.

Wy sjogge yn dat we hjirmei ek in doelgroep ferjitte: de (wat) âldere jeugd dy’t it miskien ek leuk ta liket om ris te besykjen lûd út in bugel as trompet te krijen. Ek wolle wy ús rjochtsje op dyjinge dy’t yn it ferline in ynstrumint bespile hawwe, dêrmei stoppe binne en no tinke: soe’k it noch kinne? Dêrom ha wy wat nijs betocht: in opliedingsorkest.

Wat is it idee? Fan 30 maart ôf kin eltsenien, jong/âld/begjinner as âld-muzikant fergees meidwaan yn it opliedingsorkest. Eltse freedtejûn fan 19.30 oant 20.15 oere sil der spile wurde yn doarpshûs De Tysker yn Easterwierrum. Foar ynstruminten wurdt soarge.

It opliedingsorkest sil oanfuld wurde mei leden fan Ons Ideaal, sa’t it meiinoar spyljen makliker gean sil. Nei 15 repetysjes sille we ôfslute mei in konsert tegearre mei it ‘grutte’ orkest. Wy hoopje in protte muzikanten wolkom te hjitten en fansels yn de takomst nije leden!

 

Wytske Dijkstra

In fantastyske jûn mei Easterwierrum op syn moaist

Op sneon 17 maart ha sa’n 100 besykers ‘Easterwierrum op syn moaist’ heard en sjoen. It konsert waard spile yn in moai oanklaaide Tysker troch Hinke Bouma. In tige slagge jûn mei dichter Ids Willemsma en Jappie Boersma, Doarpskoar Easterwierrum, Fanfarekorps ‘Ons Ideaal ‘ en prachtige natoerbylden yn en om Easterwierrum fan Fûgelwacht Easterwierrum. In gearwurking yn Easterwierrum fan de boppeste plank!

Janneke de Boer: De muzyk giet troch de buorren

Foto korps: Christelijke muziekvereniging ‘Excelsior’ te Nijland.

It Korps yn Fryslân is goed foar 198 ferienings en mar leafst 7316 muzikanten, wêrfan 1838 leden jonger dan sechttjin jier. (Foar it gemak brûk ik hjir de sammelnamme It Korps foar al ús Fryske fanfares, harmonyen, brassbands, blaaskapellen en ferjit de color guards en de show-, percussion- en malletbands net)

In moai artikel fan Janneke de Boer – Doarpswurk – 22 februari 2018

Mear………

Ons Ideaal bakt oaljekoeken op âldjiersdei

It waar wie net best op âldjierdei, mar der wiene wer in protte minsken die nei de Âld Skoalle kamen foar in kop kofje, oaljekoeken en life muzyk fan it fanfarekorps ‘Ons Ideaal’.  Yn ‘d Ald Skoalle op ‘e Singel binne de oaljekoeken ek dit jier wer bakt troch de fanfare-leden en de fam. Kooistra.

Hjirûnder de flyer en in pear foto’s fan Geart Siesling.

 

Foto’s hjerstkonsert fanfare Ons Ideaal en fanfare Euterpe yn de Tysker

Op freedtejûn 10 novimber 2017 wie it hjerstkonsert fan fanfare “Ons Ideaal” út Easterwierrum en fanfare “Euterpe” út Beetstersweach. Tegearre under lieding fan Menno Haantjes. It prachtige konsert wie yn “De Tysker” te Easterwierrum mei in soart minsken. Earst is fanfare Euterpe útein set, dernei folge fanfare “Ons Ideaal”. Nei de pauze ha de fanfare’s tegearre spiele. Wat in folume en wat in fantastys lûd. It tema fan dit konsert wie spylje foar en mei elkoar.

Geart en Teatske Siesling ha fan Ate Haagsma, foarsitter “Ons Ideaal” in bos blommen krigen, omdat se 50 jier trout wiene en sterk belutsen binne by it fanfarekorps “Ons Ideaal”.

Foto’s sjoch dan op www.easterwierrum.nl/hjerstkonsert-fanfare-ideaal-en-fanfare-euterpe-yn-tysker

10 November 2017 – Herfstkonsert fan Fanfare “Ons Ideaal” en Fanfare “Euterpe”

Freedtejûn 10 novimber 2017 jout Fanfare Ons Ideaal Easterwierrum in Hjerstkonsert tegearre mei fanfare Euterpe út Beetstersweach.

Tema fan dit konsert is “Spielje foar en mei elkoar”.

De lokaasje fan dit barren sil wêze doarpshûs “de Tysker” yn Easterwierrum fanôf 20:00 oere.

Tagongspriis is € 2,= en foar bern ûnder de 16 jier € 1,=.

Seal giet iepen om 19:30 oere.