Koffieconcert met huldiging jubilarissen, 2022

Fanfare ‘Ons Ideaal’ nei Amerika

Snein 13 maart hat fanfare ‘Ons Ideaal’ út Easterwierrum, ûnder lieding fan dirigint Menno Haantjes, in muzikale reis makke troch Amerika. Tidens dit konsert yn de Tysker te Easterwierrum, hat it korps it publyk mei nommen op dizze reis.

It wie in manjefyke route lâns muzykstikken die sich op ferskate plakken yn Amerika âfspylje. En de korpsleden hiene harren ferklaaid fan Indiaan, blues brothers, flowerpower, yn amerikaanse flagge-tenue oan’t cowboys and -girls.

De reis begûn mei de oankomst yn Manhattan. Der is it in drokte fan belang tusken al dat ferkear en wolkenkliuwers. Yn de staat Oregon wie it wat rêstiger en wie it genietsjen tidens in treinreis troch de natuer. Ek is der troch de fanfare probearre om reinwetter op te roppen, mar misskien hie dêr toch noch in dûns by kinnen foar in better effekt. It bliuw moai droech waar, sadat elts yn it skoft bûten yn de sinneskyn wat drinken nimme koe.

Nei it skoft is de reis fierder gien mei in ‘new world symphony’, in stikje jazz, in besyk oan New Orleans en fansels is Memphis net oer te slaan – op nei Graceland fan Elvis Presley!  Ek ha de Blues Brothers fan harren hearre litten en is de reis einige yn Miami mei in flotte mars.

Tidens dizze reis is der ek in tuskenstop makke. Want der bin in oantal korpsleden die al in hiel skoft mei de korpsmuzyk mei reizgje. Heech tiid foar in huldiging!

Der bin mar leafst 12 leden die in oarkonde en spjeltsje yn ûntfangst nimme meie foar hun jierenlange ynset foar de fanfaremuzyk. Mei elkoar bin se mar leafst 445 jier lid fan in muzykkorps west. Dit kin fansels net ûngemurken foarby gean! De jubilarissen wurde yn it sintsje setten mei in lytse taspraak, blommen en in grut applaus.

De huldiging begon mei 25 jier lidmaatskip, dizze eare is foar Joukje Zijlstra.

Dan op nei de 40 jier, hjir bin der 9 leden die dizze eare te bar falt: Durk Siesling, Jacqueline Stoelinga, Marko van Enkhuizen, Jaap Mulder, Jeannette Punter, Klaas Jansma, Sibe Nijholt, Geert Room en Ate Haagsma.

En dan bin der sels jubilarissen die al 50 jier lid binne: Ada Dijkstra en Johannes Dijkstra.

Allegear fan herte lokwinske! It wurdt jimme gunt!

It bestjoer hat harren bêst dyn om neat merke te litten fan dizze huldiging. De ferraste reaksjes fan de jubilarissen bin dan ek sa moai om te sjen. (Wa? Ik? Nee, toch? Bin ik al sa lang lid? Echt wier?)

As fanfarekorps ha wy hartstikke genietsje kint om einliks wer in konsert te jaan. Ek us haadsponser, autobedriuw Sypersma út Easterwierrum, betankt foar it mei mooglik meitsjen fan dit konsert.

Mar wat is no in konsert sûnder in enthusjast publyk? We wolle it publyk dan ek fan herte betankje foar harren komst. It hat foar ús as korps en foar de jubilarissen in super middei west.

Út namme fan it bestjoer fan fanfarekorps ‘Ons Ideaal’,

Sjoukje N. Nauta

 

 

 

De jubilarissen f.l.n.r., ûnderste foto:

Johannes en Ada Dijkstra, Ate Haagsma, Durk Siesling, Jaap Mulder, Jeannette Punter, Klaas Jansma, Geert Room, Marko van Enkuizen en Joukje Zijlstra. Op de foto misse Jacqueline Stoelinga en Sibe Nijholt.

De jubillarissen f.l.n.r. en boppe nei ûnderen, boppeste foto:

Durk Siesling, Ate Haagsma, Geert Room, Klaas Jansma, Marko van Enkhuizen, Jeannette Punter, Jaap Mulder,

Joukje Zijlstra en Ada en Johannes Dijkstra. Op de foto misse Jacqueline Stoelinga en Sibe Nijholt.

‘Ons Ideaal’-nijs, juny 2021

We Kin Wer Spylje!


Nei 32 wiken gjin noat blaast te hawwen mei elkoar, meie we no einliks wer repetearje! Op freed 28 maaie kin us ynstrumint foar it ljocht helle wurde en eefkes fluch de stofdoek deroer helje. De kleppen en fentielen gean we goed fakkundich smarren en thus alfest in oefendeuntsje blaze…

En dan probearje we de jûns yn de Tysker, mei elkoar en fol enthousiasme, goed klinkjende noaten te blazen en in flotte roffel te slaan. It pykefel gjit oer de earms, de mûlehoeken fleane omheech yn in laits en hjir en dêr bin in pear fochtiche eagen: Prachtich, We Spylje Wer!

Dêr oare ferieningen it somtiden wol dreech hân ha yn de koroana-tiid, bliuwe de leden fan ‘Ons Ideaal’ de eigen ploech goed trou. Dêr bin we wiis mei! Ek bin we tige wiis en tankber foar de stipe die we fan de donateurs ûntfange mochten. Tankewol dat jim ús feriening ek yn dizze tiid stipjen bliuwe!

De lêste repetysje foar de simmerstop bin we fan doel om bûtendoar te hâlden. Dan kin net allinne wy genietsje fan it muzyk meitjen, mar kin jim de muzyk ek wer troch de buorren klinken hearre.

‘Ons Ideaal’ lit (letterlik en figuerlik) wer fan harren hearre!

 

Jierdeiskonsert

Let op !! De datum fan it jierdeiskonsert is feroare fan snein 6 oktober nei snein 8 desimber.

Bysûnder Jierdeiskonsert fan fanfarekorps “Ons Ideaal” yn gearwurking mei de Histoaryske Kommisje en Tonielferiening “Op Nij Feriene” út Easterwierrum. Âlde Bylden, Sketches en Fanfaremusyk fan alle tiiden sille dizze middei de Revue passearje!

Blomke-aksje 2019

BLOMKEAKSJE FANFARE “ONS IDEAAL”.

Op freed 10 maaie komme wy tusken 18.00 en 20.00 oere by jo oan ‘e doar om blomkes te ferkeapjen. Fan de opbringst kinne wy wer nije instruminten ensfh. keapje. As jo ús misse, dan kinne jo ek om 21.00 oere nei de Tysker komme.

De priis is €3,00 it stik en twa foar €5,00.