Startersorkest
‘Ons Ideaal’-nijs, juny 2023
KOFJEKONSERT fan 23 april
Snein 23 april organisearre Fanfare ‘Ons Ideaal’ út Easterwierrum in kofjekonsert yn gearwurking mei Folkert-Hans Tolsma. As korps ha we in prachtige middei hân. Mei de klanken fan ‘Floris’ ha we it konsert iepene en de stikken tegearre mei Folkert-Hans ha in moaie gearwurking west. Bij ‘Rock around the clock’ is der troch it publyk enthûsjast meidyn fanâf de stuol. En bij de cha-cha-cha is der sels noch (efkes) dûnse. Dank foar jimme komst!
SERENADE
Op sneon 17 maaie ha we in serenade brocht oan ús grútste fan! Gerlof fierde die dei syn 30e jierdei. Dan matte der fansels even in pear marsen blaast wurde! En de jierdei-fierder hat ús as ferfangent dirigint goed en fanatyk yn de maat hâlden.
SWEACHSTER BRANDWEER FESTIVAL
Sneon 10 juny is der tegearre mei fanfare ‘Euterpe’ (wêr ús dirigent Menno Haantjes ek foar stjit) spyle bij ‘Sweachster Brandweer Festival’ yn Beetstersweach. Neist de muzyk spyle ek it waar super goed mei!
SIMMERJÛNKONSERTEN
De kommende tiid stean der sawiesa twa konserten op it program. Freed 23 juny bin we te fynen by it doarpshûs ‘de Trijesprong’ yn Raerd foar in simmerjûnkonsert.
Twa wiken letter, op freed 7 july is dit simmerjûnkonsert te hearren by it doarpshûs/kafee ‘de Boazumer Mjitte’ yn Boazum. Beide kearen begjint it simmerjûnkonsert om 20.00 oere en de tagong is fergees. Wês wolkom!
STARTERSORKEST
Fanfare ‘Ons Ideaal’ start nei de simmer mei in begjinners/heryntreders orkest. Wy sykje muzikanten dy’t spyljen leare wolle as it spyljen wer probearje wolle op te pakken. Kom ris probearjen at it spyljen bij ús fanfare wat foar dy is. Nei it simmerskoft, yn septimber, ha we in yntroduksjejûn. Op dizze jûn kinst ferskate ynstruminten probearje te bespyljen om te sjen hokker it bêste by dy past. De datum fan dizze yntroduksjejûn folget noch.
ÂLD IIZER
Al hiel wat jierren ha we as fanfare, tegearre mei de basisskoalle, it âld papier ophelle. Hjir is 3 jier lyn in ein oan kommen. Yn dizze lêste 3 jierren is der fanút de gemeente in kompensaasje kommen om dit gat yn ynkomsten op te fangen. Ek dit rint no ôf. Omdat de kosten fansels wol troch rinne en omheech geane, wol we jim freegje om ús as fanfare te stypjen. No net mei âld papier mar mei âld iizer.
Sneon 14 oktober komt der yn Easterwierrum, op it reade plein, in âld-iizer kontainer te stean. Hjir kin jim alle metaalsoarten yn kwyt. Tink begelyks oan: stiel, iizer, jitijzer, kobalt, rvs, aluminium, koper, lead, sink en messing. Allinnich kuolkasten en friezers meie der net yn, alle oare apparaten fan metaal kin wol yn de kontainer.
Foar jim de ideale mooglikheid om fan it âlde metaal ôf te kommen en wij as fanfare bin der tige wiis mei. Mear ynformaasje oer dizze aksje folget yn septimber. Mar no wol âlfest de fraach at jim it âld iizer foar ‘Ons Ideaal’ sammelje en bewarje wolle?
‘Ons Ideaal’-nijs, maart 2023
Iepening ‘G-toernooi’ Sneon 7 jannewaris bin we it nije jier mei in soad enthûsjasme begûn. It G-toernooi fan korfbal yn de sporthal ‘it Kalverdijkje’ te Ljouwert mochten we iepenje. It publyk en foaral de korfbal-spilers ha genietsje kint fan de marsen en feestmuzyk die we hjir blaast ha.
Oankommende optredens Op snein 23 april gjit ‘Ons Ideaal’ yn gearwurking mei Folkert-Hans Tolsma in kofjekonsert hâlden. Dit fynt plak om 15.00 oere yn de Tysker. Set it yn dyn aginda en kom meigenietsjen fan dit manjefyke optreden!
Foar mear ynfo oer Folkert-Hans sjoch op syn webside.
Ek bin we fan doel om in oantal kear in ‘Simmerjûnkonsert’ te organisearjen. Freed 23 juny kin jim ús jûns om 20.00 oere fyne bij doarpshûs ‘de Trijesprong’ yn Raerd. Freed 7 july litte we jûns om 20.00 oere de muzyk hearre bij doarpshûs/kafee ‘de Boazumer Mjitte’ yn Boazum.
Sjogge we jim mei it konsert op snein 23 april?
Konsert, sneon 10 desimber 2022
Sponsor Aksje: Amaryllisbollen 2022
‘Ons Ideaal’-nijs, juny 2022
Gouden Spiker Festival 2022
Verplicht werk 2e prijs
Solo 3e prijs
Totaal bronzen spijker
Met de verloting een bugel gewonnen
Koffieconcert met huldiging jubilarissen, 2022
Fanfare ‘Ons Ideaal’ nei Amerika
Snein 13 maart hat fanfare ‘Ons Ideaal’ út Easterwierrum, ûnder lieding fan dirigint Menno Haantjes, in muzikale reis makke troch Amerika. Tidens dit konsert yn de Tysker te Easterwierrum, hat it korps it publyk mei nommen op dizze reis.
It wie in manjefyke route lâns muzykstikken die sich op ferskate plakken yn Amerika âfspylje. En de korpsleden hiene harren ferklaaid fan Indiaan, blues brothers, flowerpower, yn amerikaanse flagge-tenue oan’t cowboys and -girls.
De reis begûn mei de oankomst yn Manhattan. Der is it in drokte fan belang tusken al dat ferkear en wolkenkliuwers. Yn de staat Oregon wie it wat rêstiger en wie it genietsjen tidens in treinreis troch de natuer. Ek is der troch de fanfare probearre om reinwetter op te roppen, mar misskien hie dêr toch noch in dûns by kinnen foar in better effekt. It bliuw moai droech waar, sadat elts yn it skoft bûten yn de sinneskyn wat drinken nimme koe.
Nei it skoft is de reis fierder gien mei in ‘new world symphony’, in stikje jazz, in besyk oan New Orleans en fansels is Memphis net oer te slaan – op nei Graceland fan Elvis Presley! Ek ha de Blues Brothers fan harren hearre litten en is de reis einige yn Miami mei in flotte mars.
Tidens dizze reis is der ek in tuskenstop makke. Want der bin in oantal korpsleden die al in hiel skoft mei de korpsmuzyk mei reizgje. Heech tiid foar in huldiging!
Der bin mar leafst 12 leden die in oarkonde en spjeltsje yn ûntfangst nimme meie foar hun jierenlange ynset foar de fanfaremuzyk. Mei elkoar bin se mar leafst 445 jier lid fan in muzykkorps west. Dit kin fansels net ûngemurken foarby gean! De jubilarissen wurde yn it sintsje setten mei in lytse taspraak, blommen en in grut applaus.
De huldiging begon mei 25 jier lidmaatskip, dizze eare is foar Joukje Zijlstra.
Dan op nei de 40 jier, hjir bin der 9 leden die dizze eare te bar falt: Durk Siesling, Jacqueline Stoelinga, Marko van Enkhuizen, Jaap Mulder, Jeannette Punter, Klaas Jansma, Sibe Nijholt, Geert Room en Ate Haagsma.
En dan bin der sels jubilarissen die al 50 jier lid binne: Ada Dijkstra en Johannes Dijkstra.
Allegear fan herte lokwinske! It wurdt jimme gunt!
It bestjoer hat harren bêst dyn om neat merke te litten fan dizze huldiging. De ferraste reaksjes fan de jubilarissen bin dan ek sa moai om te sjen. (Wa? Ik? Nee, toch? Bin ik al sa lang lid? Echt wier?)
As fanfarekorps ha wy hartstikke genietsje kint om einliks wer in konsert te jaan. Ek us haadsponser, autobedriuw Sypersma út Easterwierrum, betankt foar it mei mooglik meitsjen fan dit konsert.
Mar wat is no in konsert sûnder in enthusjast publyk? We wolle it publyk dan ek fan herte betankje foar harren komst. It hat foar ús as korps en foar de jubilarissen in super middei west.
Út namme fan it bestjoer fan fanfarekorps ‘Ons Ideaal’,
Sjoukje N. Nauta
De jubilarissen f.l.n.r., ûnderste foto:
Johannes en Ada Dijkstra, Ate Haagsma, Durk Siesling, Jaap Mulder, Jeannette Punter, Klaas Jansma, Geert Room, Marko van Enkuizen en Joukje Zijlstra. Op de foto misse Jacqueline Stoelinga en Sibe Nijholt.
De jubillarissen f.l.n.r. en boppe nei ûnderen, boppeste foto:
Durk Siesling, Ate Haagsma, Geert Room, Klaas Jansma, Marko van Enkhuizen, Jeannette Punter, Jaap Mulder,
Joukje Zijlstra en Ada en Johannes Dijkstra. Op de foto misse Jacqueline Stoelinga en Sibe Nijholt.