‘Ons Ideaal’-nijs, juny 2021

We Kin Wer Spylje!


Nei 32 wiken gjin noat blaast te hawwen mei elkoar, meie we no einliks wer repetearje! Op freed 28 maaie kin us ynstrumint foar it ljocht helle wurde en eefkes fluch de stofdoek deroer helje. De kleppen en fentielen gean we goed fakkundich smarren en thus alfest in oefendeuntsje blaze…

En dan probearje we de jûns yn de Tysker, mei elkoar en fol enthousiasme, goed klinkjende noaten te blazen en in flotte roffel te slaan. It pykefel gjit oer de earms, de mûlehoeken fleane omheech yn in laits en hjir en dêr bin in pear fochtiche eagen: Prachtich, We Spylje Wer!

Dêr oare ferieningen it somtiden wol dreech hân ha yn de koroana-tiid, bliuwe de leden fan ‘Ons Ideaal’ de eigen ploech goed trou. Dêr bin we wiis mei! Ek bin we tige wiis en tankber foar de stipe die we fan de donateurs ûntfange mochten. Tankewol dat jim ús feriening ek yn dizze tiid stipjen bliuwe!

De lêste repetysje foar de simmerstop bin we fan doel om bûtendoar te hâlden. Dan kin net allinne wy genietsje fan it muzyk meitjen, mar kin jim de muzyk ek wer troch de buorren klinken hearre.

‘Ons Ideaal’ lit (letterlik en figuerlik) wer fan harren hearre!

 

Jierdeiskonsert

Let op !! De datum fan it jierdeiskonsert is feroare fan snein 6 oktober nei snein 8 desimber.

Bysûnder Jierdeiskonsert fan fanfarekorps “Ons Ideaal” yn gearwurking mei de Histoaryske Kommisje en Tonielferiening “Op Nij Feriene” út Easterwierrum. Âlde Bylden, Sketches en Fanfaremusyk fan alle tiiden sille dizze middei de Revue passearje!

Blomke-aksje 2019

BLOMKEAKSJE FANFARE “ONS IDEAAL”.

Op freed 10 maaie komme wy tusken 18.00 en 20.00 oere by jo oan ‘e doar om blomkes te ferkeapjen. Fan de opbringst kinne wy wer nije instruminten ensfh. keapje. As jo ús misse, dan kinne jo ek om 21.00 oere nei de Tysker komme.

De priis is €3,00 it stik en twa foar €5,00.

 

Ús Festival

Op sneon 9 maart wurdt yn de Tysker “Ús festival” organisearre troch ferskate ferienings en kommisjes.

Fanfare “Ons Ideaal” sil op dizze dei in oantal stikken útfiere.

Fanfarekorps ‘Ons Ideaal’ en Toanielferiening ‘Op Nij Foriene’ presintearje Scrooge.

Basearre op ‘t ferhaal ‘A Christmas Carol’ fan Charles Dickens.

Skreaun en regissearre troch Trudy de Vos.

De foarstellings binne op freed 21 desimber en sneon 22 desimber om 20.30 oere en snein 23 desimber 15.30 oere.

Kaartferkeap á € 7,50 op freed 7 desimber en freed 14 desimber fan 19.00 – 20.00 oere yn de Tysker. Of reservearje fia de mail opnijforiene@outlook.com.