Opliedingsorkest ‘Ons Ideaal’
Eltse freedtejûn oefent in groep entûsjaste muzikanten ûnder lieding fan Menno Haantjes yn De Tysker. Sy binne lid fan fanfare ‘Ons Ideaal’ út Easterwierrum. In fanfare dy’t al sûnt 1909 in wichtich plak ynnimt yn it doarpslibben en de neiste omjouwing.
Ofrûne jierren binne der troch de skoalprojekten yn Easterwierrum en Raerd (en de lêste kear ek yn Boazum en Wiuwert) jeugdprojekten organisearre. It doel hjirfan is de bern yn kontakt te bringen mei muzyk en se entûsjast te meitsjen foar it folgjen fan muzykles en lid te wurden fan de fanfare.
Wy sjogge yn dat we hjirmei ek in doelgroep ferjitte: de (wat) âldere jeugd dy’t it miskien ek leuk ta liket om ris te besykjen lûd út in bugel as trompet te krijen. Ek wolle wy ús rjochtsje op dyjinge dy’t yn it ferline in ynstrumint bespile hawwe, dêrmei stoppe binne en no tinke: soe’k it noch kinne? Dêrom ha wy wat nijs betocht: in opliedingsorkest.
Wat is it idee? Fan 30 maart ôf kin eltsenien, jong/âld/begjinner as âld-muzikant fergees meidwaan yn it opliedingsorkest. Eltse freedtejûn fan 19.30 oant 20.15 oere sil der spile wurde yn doarpshûs De Tysker yn Easterwierrum. Foar ynstruminten wurdt soarge.
It opliedingsorkest sil oanfuld wurde mei leden fan Ons Ideaal, sa’t it meiinoar spyljen makliker gean sil. Nei 15 repetysjes sille we ôfslute mei in konsert tegearre mei it ‘grutte’ orkest. Wy hoopje in protte muzikanten wolkom te hjitten en fansels yn de takomst nije leden!
Wytske Dijkstra
In fantastyske jûn mei Easterwierrum op syn moaist
Op sneon 17 maart ha sa’n 100 besykers ‘Easterwierrum op syn moaist’ heard en sjoen. It konsert waard spile yn in moai oanklaaide Tysker troch Hinke Bouma. In tige slagge jûn mei dichter Ids Willemsma en Jappie Boersma, Doarpskoar Easterwierrum, Fanfarekorps ‘Ons Ideaal ‘ en prachtige natoerbylden yn en om Easterwierrum fan Fûgelwacht Easterwierrum. In gearwurking yn Easterwierrum fan de boppeste plank!
Easterwierrum op syn moaist!
In projekt/konsert fan Fûgelwacht Easterwierrum, yn gearwurking mei Fanfare Ons Ideaal en it Doarpskoar Easterwierrum.
Natoerbylden fan Easterwierrum en omkriten wurde omliste troch sang, fanfaremuzyk en dichten fan Ids Willemsma en Jappie Boersma.
It konsert wurdt spile op 17 maart 2018 yn de Tysker te Easterwierrum om 20:00 oere. De tagong is fergees!